ken ûngelokkich fan te wurden. Meerburg tinkt, ik haw him dêr nei frege, dat er sokke anekdoaten heard hat fan R.S. Roorda, yndertiid foarsitter fan it Genealogysk Wurkferbân. Mar se soenen, by neier ynsjen, ek fan E.B. Folkertsma ôfkomstich wêze kinne.
Mei Douwe Kalma-en-dy rjochtet er yn 1915 de Jongfryske Mienskip op. Yn dat fermidden hat er him mooglik wol op syn plak field: allegear jongkeardels dy't wat oars woenen en idealen hienen. Mar nei syn ferhúzjen nei Amsterdam, dêr siet er yn alle gefallen yn 1923 al, sil it kontakt minder wurden wêze. Yn in brief oan Jelle Brouwer fan april 1947 skriuwt er: ‘Al jierren lang stean ik bûten de Fryske beweging en elts kontakt mei de foar-oanmannen.’ Woe er oars, koe er oars?
Oft syn literêr wurk him dy befrediging en dy befêstiging jûn hat dy't er grif socht, stiet te besjen. Nei't er benammen yn 'e jierren 1915-16 ôfgryslik warber west hat as dichter, takket it nei 1917 hurd ôf. Nei de bondeling fan syn ferhalen yn 1935 publi-searret er noch ien lyts sketske. Krekt as hat er der beide kearen genôch fan.
Dochs hat de literêre geast him net hielendal ferlitten. It hjir-boppe neamd brief oan Brouwer, dat Jelle Krol ûntdutsen hat, dielt Pollema yn mei dat er in detektiveroman skreaun hat, mei de titel It Geheim fan it Bûthús. Sa'n 220 siden printwurk en 90.000 wurden grut, hat er berekkene. Hy freget Brouwer nei útjeftemooglikheden. It seit himsels dat Krol alle war dien hat om it manuskript werom te finen, mar dat hat gjin resultaat hân.
Dy detektive, dat moat it lêste blinkje west ha. Op 21 sept. 1948 wurdt syn omskot fûn yn it wetter fan 'e Geau te Drylts. Hy hat him grif tekoart dien, alteast Piebenga skriuwt dat de auteur ‘op tragyske wize hjir wei reizge, stil en iensum en sûnder dat ien minske wit wat der yn him omgien is’ en hy beslút syn in memoriam mei: ‘Oan ús stiet net it oardiel oer de minske’. Dy hints binne dúdlik genôch.